60.000 euro foar Georgië

It Paasspektakel yn ´e Bosk_fan_Ypeij moandei hat goed 60.000 euro opsmiten foar it opknappen fan in weeshûs en in skoalle yn Georgië. Ek sil der fan it jild hearapparaten kocht wurde foar Georgyske bern. Frijwilligers sammelen mei allegearre aktiviteiten jild yn foar it goede doel.
De dei smiet 30.000 euro op. Dat bedrach wurdt ferdûbele troch de nasjonale kommisje foar ynternasjonale gearwurking.