Militêre aksje yn museumwykein

09 apr 2007 - 17:04

Op de Ofslútdyk is ynkoarten in militêre aksje. It giet om in sebeare militêre aksje.

De aksje wurdt útfierd yn it museumwykein fan sneon 14 en snein 15 april troch frijwilligers by it Kazemattenmuseum by Koarnwertersân. Dêr is dan ek in folslein militêr stafkamp ynrjochte lykas dat der útseach yn de Twadde Wrâldoarloch mei ûnder mear in kommando, keuken, kommunikaasje- en hospitaaltinte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)