Toerisme los yn Achtkarspelen

09 apr 2007 - 15:55

Mei it tradisjonele rekreaasjerûntsje Achtkarspelen is moandei it toeristysk seizoen yn dy gemeente iepene. It is foar de tolfste kear dat it hâlden waard. Der diene 14 toeristyske bedriuwen oan mei.

In nije dielnimmer is dit jier it iistidemuseum yn Bûtenpost. Dêr binne fitrines te sjen mei fossile planten en ferstiend hout. Oare dielnimmers binne û.o. de iisbuorkerij Stiensgea en de fivertún by Blauferlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)