Kâns Alves op Gouden Skoech

09 apr 2007 - 15:41

Spits Afonso Alves fan SC Heerenveen stiet boppe-oan yn it klassemint om de Gouden Skoech. Troch syn treffer tsjin ADO Den Haach stiet de Braziliaan no op 26 doelpunten, wat goed is foar 39 punten. Alves gie Frédéric Kanouté fan it Spaanske Sevilla foarby. Dy stiet mei 38 punten twadde.

Alle Europeeske kompetysjes dogge mei. Wa't de Gouden Skoech wint, mei him topskoarer fan Europa neame.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)