Kitesurfers stride by Warkum

It kitesurfseizoen is dit wykein mei in ynternasjonale wedstryd yn Warkum úteinset. De 20 beste Nederlânske surfers moasten allegearre figuren springe om sa punten te garjen. Yn de takomst wol de organisaasje yn Warkum mear wedstriden hawwe omdat it in ideaal plak is om te kitesurfen. Ferline jier hat der wol in deadlik ûngefal west op it Warkumer strân. Dêrom komme der fanút de sport maatregels.