Wrak kin boatsjes hinderje

09 apr 2007 - 13:02

Yn it Alddiel yn Ljouwert leit op 't stuit in houten wrak op de boaiem. Trochgeand farferkear kin lêst hawwe fan it wrak yn it wetter tusken de wyk Camminghaburen en it rekreaasjegebiet De Kleine Wielen. It wetter is dêr 1.25 meter djip. It wrak is markeard mei wite jerrycans.

De gemeente is noch op syk nei de eigner. Dizze wike wurdt de boat fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)