Oanhâldings nei mishanneling

In man fan Sint Jabik soe mishannele wêze yn Berltsum
De plysje hat moandei in 22-jierrige man en in 21-jierrige frou út Bitgummole oanhâlden. Sy soene yn Berltsum in 20-jierrige man fan Sint Jabik mishannele hawwe.
It slachtoffer waard troch de manlike fertochte yn syn gesicht slein. Letter soe de frou him ek noch yn dat gesicht skopt hawwe. De beide manlju hawwe al in pear jier rúzje mei inoar. De man fan Sint Jabik is mei syn ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.