Peaskebrochje as bedankje

09 apr 2007 - 12:27

Ynwenners fan De Triemen binne moandei mei in peaskebrochje bedankt foar har ynset by de Wâlddykrintocht yn de gemeente Kollumerlân. Goed 75 fan de 300 minsken út de omjouwing skoden oan by de itenstafel yn it doarpshûs fan De Triemen.

Freoneclub De Mollebult organisearre yn 2002 en 2006 de Wâlddykrintocht troch Kollumerlân. Dy tochten lutsen respektivelik 4000 en 2500 dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)