Grutte brân Gau

09 apr 2007 - 08:00
  • de brânwacht moast de heechwurker brûke

In grutte brân hat yn de nacht nei moandei foar in protte skea soarge yn in pleats oan de Boeijengastrjitte yn Gau.

Om healwei tolven bruts brân út yn de skuorre fan de pleats. Foarbygongers seagen it fjoer by tafal en warskôgen de brânwacht. Omdat net dúdlik wie oft der noch minsken yn it hûs wiene, waard mei grut materiaal útrukt. Mar de bewenners koene de pleats op 'e tiid ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)