Jirnsumer omkaam by ûngelok

It ûngelok gebeurde op de Bûtlânswei by Tersoal
In 78-jierrige ynwenner fan Jirnsum is sneon om it libben kaam by in oanriding op de Bûtlânswei by Tersoal. De man fytste by de krusing mei de Wiersterwei, doe't er samar linksôf sloech. In 40-jierrige autobestjoerder út Wurdum hie dat te let yn de gaten en ried de man oan.
De fytser is noch oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Dêr is er letter op 'e jûn ferstoarn oan syn ferwûnings.