Autodief op 'e hûd sitten

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige man út Heech is snein oanhâlden foar it stellen fan in auto op De Hommerts. De auto stie net op slot en mei de kaaien der yn oan de Hettingawei.
In 18-jierrige ynwenster fan it doarp seach dat de fertochte de auto yn krûpte en waskôge twa freonen. Doe't de man flechte, setten de twa him efternei. Sy soene de fertochte dêrby slein ha en yn de sleat treaun. De plysje ûndersiket de saak.