Priis foar Lida Dijkstra

Dit is al de twadde kear dat Lida Dijkstra de Simke Kloostermanpriis wint
It literêre berneboek 'Lederwyntsje, in bern mei krêften', fan Lida Dijkstra hat de Simke Kloostermanpriis 2007 wûn. Der wiene fiif boeken nomineard.
Dijkstra wûn de priis yn 2004 ek, mei it boek 'Múske myn famke'. De Simke Kloostermanpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en is ynsteld om de útjefte fan Fryske berneliteratuer te stimulearjen. De priis waard yn 1984 foar it earst útrikt.