Winst foar Aris

08 apr 2007 - 11:27

De basketballers fan Aris ha sneontejûn wûn fan de Astronauts. Yn Amsterdam waard it 84-87. Troch de winst en de nederlagen fan konkurrinten Swolle en Leiden, binne de Ljouwerters noch hieltyd yn de race foar de play-offs.

Twa-en-in-heale minút foar de ein fan de wedstriid stie Aris noch op fiif punten efterstân. Mar de Ljouwerters wisten úteinlik dus dochs te winnen. Moandei spilet Aris út, by Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)