Wer puntferlies Hearrenfean

Alves makke syn 26e fan it seizoen
De Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn op 'e nij djoere punten lizze litten. Tsjin de nûmer lêst ADO Den Haach waard it mar 1-1. Afonso Alves makke yn de 24ste minút op oanjaan fan Breuer de moaie 1-0. Krekt foar it skoft waard it 1-1 troch Santi Kolk.
De thúsploech krige yn it Abe Lenstrastadion yn de twadde helte genôch kânsen, mar doelpunten foelen der net mear.