Brieven oan God ferbaarnd

07 apr 2007 - 16:26
  • Keunstner Johan van der Dong stekt de brieven oan

Achter dyk by Moddergat binne sneon brieven oan God ritueel ferbaarnd. Keunstner Johan van der Dong út Grinslân hat de brieven sammele en ferbaarnd. Hy iepene ferline jier in postbus foar minsken dy't in brief oan God stjoere wolle. Der binne hûnderten op ynkommen. De keunstner hat de brieven lykwols net lêzen.

It keunstprojekt rôp ek krityk op omdat de keunstner God belachlik meitsje soe mei de brieve-aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)