Soargen oer wegeramtners

Erwin Hamming fan it Homoplatfoarm Fryslân
It Homoplatfoarm Fryslân wol mei amtners prate oer it homohoulik. De organisaasje makket him soargen oer amtners dy't wegerje sokke houliken te sluten. Grutte fraach is oft der dan gjin rjochtsûngelykheid foar homoseksuele manlju en lesbyske froulju ûntstiet. It petear fynt plak op 18 april.
Yn it regearakkoart is fêstlein dat amtners mei gewissebeswieren wegerje meie homohouliken te sluten.