Man oerfallen op strjitte

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneontemoarn om kertier oer trijen in man oerfallen. Hy waard yn de Emmanuel Murandstrjitte oansprutsen troch in frjemdenien. Doe't dy de man syn beurs ôfpakke woe, ûntstie der fjochterij. It slachtoffer waard skopt en slein.
De oerfaller naaide út mei it mobyltsje fan de man. It slachtoffer moast foar behanneling nei it sikehûs. De plysje hat de wyk Huzum ôfsocht, mar de oerfaller net fûn.