Peasketoerisme docht it goed

It toerisme sil aardich oanlûke mei de Peaskedagen
Mei de Peaskedagen sille aardich wat toeristen nei Fryslân komme. Dat is de ferwachting fan direkteur Paul van Gessel fan toerismeburo Fryslân Marketing. Benammen de bungelowparken en hotels rinne aardich fol. Foar kampearen is it noch wat te betiid yn it jier.
De taname hat te krijen mei it moaie waar. Mar ekonomysk giet it ek wer wat better en dêrom kinne besikers mear jild útjaan.