Mata Hari woe dûbelde namme

07 apr 2007 - 13:20

Mata_Hari hat twa kear by Keninginne Wilhelmina in fersyk yntsjinne ta in dûbelde namme. Dat docht bliken út dokuminten dy´t it Frysk Museum nei bûten brocht hat.

Margaretha_Geertruida_Zelle woe leaver ´Van Zelle van Ahlden´ en letter ´Van Slooten Zelle´ hjitte. Beide skriftlike fersiken binne ôfwiisd troch de Keninginne. Zelle waard yn 1917 yn Parys eksekutearre foar spionnaazje foar de Dútsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)