Bustiden oanpast nei klachten

© Omrop Fryslân
Iepenbier ferfierbedriuw Arriva past de bustsjinsregeling dy't desimber ferline jier yngie oan nei oanlieding fan klachten en oare reaksjes. De nije tsjinstregeling wie needsaak omdat de NS de treinen op oare tiden riden liet.
Al gau die bliken dat de nije tsjinstregeling net elkenien nei it sin wie. De oanpassings moatte in ein oan 'e klachten meitsje. De nije, oanpaste tiden gean op 15 april yn.