Jier sel foar ferkrêfting

07 apr 2007 - 09:04

It gerjochtshôf hat in 53-jierrige man út Menaam feroardield ta 1 jier sel. De man soe syn frou jierrenlang ferkrachte ha. Dat gebeurde ûnder út 'e hân rûne SM-spultsjes.

Yn 2005 krige de man fan de rjochtbank 2 jier selstraf oplein en ek yn dit heger berop waard dyselde straf wer easke. Mar neffens it hôf koe mar ien ferkachting echt bewiisd wurde. En dus falt de straf leger út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)