Ien jier sel foar plysjeman

Loeki Hogeveen, fertrouwenspersoan fan it slachtoffer
It gerjochtshôf hat in man (53) út Menaam feroardield ta ien jier sel. Hy soe syn frou jierrenlang seksueel misbrûkt en ferkrêfte ha. Neffens it hôf koe ien ferkrêfting bewiisd wurde.
De man wie earder by de rjochtbank al feroardiele ta 2 jier sel. Ek yn it heger berop wie 2 jier easke. It slachtoffer en har famylje neame de útspraak ûnbegryplik. Neffens har hat de lege straf te meitsjen mei it feit dat de dieder in plysjeman wie.