Ot en Sienmuseum mei net iepen

Ot en Sienmuseum kin net iepen
It nije Ot_en_Sien-museum yn Surhústerfean kin mooglik noait iepengean. It gebou foldocht net oan de brânfeilichheidseasken. Dat probleem is hast net op te lossen.
De famylje Scheepbouwer hat yn de ôfrûne moannen goed 300.000 euro ynvestearre yn de nije behuzing om't it âlde gebou yn Boelensloane te lyts waard. Earder hienen se te hearren krigen fan de gemeente dat se har gong gean mochten yn it gebou.