Fjild Cambuur wurdt oanpakt

keunstgersfjild by Cambuur wurdt oanpakt
De firma Edelgrass komt nije wike mei in plak fan oanpak om de problemen mei de keunstgersmatte yn it Cambuurstadion op te lossen. De opsjes binne in renovaasje fan it besteande keunstgers of it lizzen fan in folslein nije matte dy't oan alle easken fan de FIFA foldocht.
Edelgrass nimt de folsleine ferantwurding foar it fjild dat yn 2003 oanlein is. De opsje foar echt gers is fan 'e baan.