Gemeente stipet Respons

Stichting Respons krijt jild fan de gemeente foar de asylsikers yn Wytmarsum
De Stichting Repons krijt 10.000 euro fan de gemeente Frjentsjerteradiel. De stichting fersoarget needhelp foar flechtlingen. It jild is bedoeld as bydrage yn de kosten fan de needopfang fan útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum.
GrienLinks hat in moasje yntsjinne om de gemeenteried mei te krijen. Allinnich de VVD wie tsjin. De stichting krijt ek jild fan provinsje, de gemeente Ljouwert en partikulieren.