Rekordwinst Friesland Bank

06 apr 2007 - 08:32

De Friesland_Bank hat ferline jier in rekordwinst helle fan 107 miljoen euro. Dat is in taname fan 39 persint yn fergelyk mei 2005.

De groei fan de bank wie benammen sichtber yn in taname fan hypoteken en ynternetbankieren. Fierders iepene de Friesland_Bank yn 2006 it earste kantoar yn 'e Rânestêd. De bank ferwachtet dat de winst foar dit jier wer útkomme sil yn de buert fan dy fan 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)