FNP wol in oare fytsbrêge
De gemeente Frjentsjerteradiel sil ûndersykje oft der alternativen binne foar de betonnen fytsbrêge, dy't de provinsje yn it Hitsumerbinnepaad tusken Frjentsjer en Hitsum oanlizze wol.
De FNP sjocht mear wat yn in transparantere brêge as 'De Nije Kromme' by Wommels. De betonnen brêge mei in hichte fan fjouwer en in heale meter is nedich yn ferbân mei de rûnwei om Frjentsjer hinne.