Undersyk Beetstersweach

© Omrop Fryslân
De Stichting Bevordering Toerisme Beetsterzwaag (SBTB) hâldt takom wike in ûndersyk nei de winsken fan besikers fan it doarp. Yn winkels en hoarekasaken komme enkêteformulieren te lizzen. De list kin ek op ynternet ynfold wurde. Fierders sille studinten op paad gean mei de enkête.
Doel fan 'e enkête is om derachter te kommen watfoar maatregels naam wurde moatte en hokker aktiviteiten wolkom binne.