"Ynternetapoteek is gefaarlik"

05 apr 2007 - 22:58

De ynternetapoteek fan soarchfersekerder De Friesland is mooglik gefaarlik foar de sûnens. Dat seit de Fryske húsartseferiening.

De medisinen soene mei de post stjoerd wurde en dêrtroch is der gjin kontrôle oft se wol by de goede persoan komme. Ek kinne se iepenmakke wurde troch bygelyks de bern fan dejinge dy't de medisinen oanfrege hat. Der is sa ek gjin kontrôle mear op kombinaasjes fan medisinen dy't minsken brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)