Israel traint yn De Blesse

05 apr 2007 - 22:52

Foar it Europeesk Kampioenskip fuotbal foar ûnder de 21 binne tongersdei de kontrakten tekene foar de trainingskompleksen. Der wurdt traind yn Langsweagen, De Blesse en Drachten. België komt yn Drachten, it Nederlânsk alvetal spilet yn Langsweagen.

De Blesse kin him opmeitsje foar in soad befeiligingsminsken, omdat it nasjonale team fan Israël dêr komt. It toernoai begjint op 10 juny yn it Abe_Lenstrastadion op It_Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)