Middel praat mei slachtoffers

Middel wol prate mei de slachtoffers fan 'e ATF-brân
Njoggen slachtoffers fan de ATF-brân yn 2000 krije nije wike in útnoeging foar in petear mei boargemaster Middel fan Smellingerlân.
It is foar it earst sûnt de brân dat slachtoffers en gemeente mei elkoar prate. Doel is de slachtoffers te helpen mei de problemen dêr't se noch altyd tsjinoan rinne. Dêrby wurdt ek sjoen nei wat der foar de minsken juridysk noch te heljen falt.