Junior World Cup kuorbal begûn

© Omrop Fryslân
Yn sportkompleks Kealledykje fan Ljouwert is tongersdeitejûn de 12e edysje fan de Junior World Cup út ein set. Kuorballers oant 19 jier út 13 lannen dogge dêroan mei. Amearika en Roemenië binne der foar de earste kear by. Nederlân wurdt fertsjintwurdige troch de seleksje fan it distrikt Noard mei in grutte Fryske ynbring.
Oare lannen dy't meidogge binne België, Dútslân, Ruslân en Taiwan. Peaskesnein is de finaledei.