Fúzje krante-útjouwers

Der is sprake fan in mooglike fúzje tusken NDC en PCM
Der komt mooglik in fúzje tusken de krante-útjouwers NDC en PCM. De NDC, de Noordelijke Dagblad Combinatie, is ûnder útjouwer fan de Ljouwerter krante, by PCM ferskine kranten as Trouw, Volkskrant en NRC-Handelsblad.
De twa útjouwerijen binne al mei-inoar yn petear, seit Jan_de_Roos fan de NDC. It soe foar syn útjouwerij net mooglik wêze om selsstannich te bliuwen. Oer oardel moanne moat der mear dúdlikens oer de fúzje wêze.