Dútske frou is ferdronken

© Omrop Fryslân
De Dútske frou dy't ôfrûne snein dea oantroffen waard yn de jachthaven fan Snits is nei alle gedachten troch ferdrinking om it libben kaam. Fierder ûndersyk moat noch útwize hoe't de frou krekt yn it wetter bedarre is.
Ut ferklearrings fan tsjûgen die bliken dat it slachtoffer en de fertochte (59), de freon fan 'e frou, spul hiene yn de nacht fan sneon op snein. De plysje is ek noch op syk nei in swart taske fan de frou.