Gjin heger berop yn ATF-saak

05 apr 2007 - 10:45

It iepenbier ministearje hat it heger berop dat oantekene wie tsjin it fonnis yn de saak tsjin de direkteuren fan de ATF wer ynlutsen. Neffens justysje hat ûndersyk fan it fonnis gjin nije feiten oplevere dy't foarlein wurde kinne oan it hof.

De rjochtbank spruts bedriuw en direkteuren begjin maart frij fan brân troch skuld. Wol waarden der jildstraffen oplein foar it oertreden fan miljeuregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)