Wâldrock: Within Temptation

Within Temptation
It Burgumer rockfestival Wâldrock hat de earste nammen fan optredende bands bekendmakke. Op 7 july binne oan de Simmerwei ûnder oare Testament, WASP, Celtic_Frost, Vader, Osdorp_Posse en Dropkick_Murphy's te sjen.
Ien fan de headlines fan de tweintichste Wâldrockedysje is sûnder mis it populêre Within_Temptation, dat in jiermannich lyn ek alris op Wâldrock stie. De foarferkeap fan it festival set snein út ein.