Film Gore fergees yn Ljouwert

05 apr 2007 - 09:40

Miljeudokumintêre An_Inconvenient_Truth fan Al_Gore is fan nije wike tiisdei ôf trije wike lang fergees te sjen yn Cinema oan de Ljouwerter Nijstêd. De foarstellings binne mooglik makke troch sponsors, lykas de provinsje, de gemeente Ljouwert en de Miljeufederaasje.

De inisjatyfnimmers fine dat eltsenien de mooglikheid krije moat om de film te sjen. De Oscarwinnende film giet oer klimaatferoarings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)