Klessebessen.nl hâldt op

It ynternetfoarum wêrmei't de saak fan de fermiste Willy_Wester fan Ljouwert oan it rôljen brocht waard, bestiet net mear. De domeinnamme 'klessebessen.nl' stiet sels ek al te keap.
Eigneresse en freondinne Andrea_Treffers fan Haarlem fynt it net langer passend om allehande luchtige saken op it foarum te setten, no't ien fan de meast aktive leden der net mear is.