Fersetsmuseum oer parse yn WO2

© Omrop Fryslân
Minsken dy't graach mear witte wolle oer de rol fan de parse yn de Twadde Wrâldoarloch, dy kinne fan takom wike woansdei ôf har hert ophelje yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert. Dêr wurdt dan de webside "Depersdraaidedoor" presintearre.
Op dy webside binne de útjeften fan de Ljouwerter Krante yn de perioade fan 1940 oant 1945 te sjen. Dêrneist komt it Fersetsmuseum ek mei in eksposysje en in cd oer itselde ûnderwerp.