Kolleezjefoarming te traach

Brok min te sprekken oer tempo
It is beskamsum dat de foarming fan it nije kolleezje fan Deputearre_Steaten yn Fryslân sa lang duorret. Dat seit boargemaster Arno_Brok fan Snits yn reaksje op it tempo fan de ûnderhannelings yn it Provinsjehûs. Hy fynt it typysk Frysk dat al wiken praat wurdt oer it nije kolleezje.
Ynformateur Dirk_Hylkema sei tiisdei dat hy en CDA en PvdA noch twa wike wurk hawwe om it iens te wurden oer in takomstfyzje foar Fryslân.