Nij Sportsintrum by stadion

© Omrop Fryslân
De gemeente It_Hearrenfean jout grien ljocht foar de komst fan in saneamd Sport_Experience_Centre by it Abe Lenstra-stadion. Dêr kinne minsken yn de hûd krûpe fan in topsporter. Der wurde in soad besikers ferwachte.
It sintrum wurdt kombinearre mei in fjouwerstjerrehotel en grutskalige detailhannel dy't mei sport te krijen hat. De ideeën meitsje diel út fan de plannen om it sintrum fan It_Fean mei Sportstêd te ferbinen.