Ljouwerter DOOZO yn finale

It Ljouwerter sushirestaurant DOOZO stiet yn de finale fan it tv-programma Mijn_Tent_Is_Top. Yn de ôflevering fan tiisdei foel it restaurant yn Amsterdam as lêste ôf. DOOZO-eigenaren Frank en Frieda stride no mei it restaurant yn Den_Bosch foar de haadpriis fan 300.000 euro.
Wa't dat wint bepale de minsken thús. Dêrom binne Frank en Frieda fuortendaliks nei de útstjoering in grutskalige promoasjekampanje start.