Wethâlder wol net mear trouwe
Wethâlder Jan Rozema fan Smellingerlân hat syn ûntslach oanbean as trou- amtner, om't er it net iens is mei de moasje oer it homohoulik dy't de gemeenteried oannommen hat. Wethâlder Veenstra (CDA) is it ek net iens mei de moasje, mar bliuwt wol trouamtner om't er sels gjin beswieren hat.
De ried besleat mei in PvdA-moasje dat nije trouamtners ree wêze moatte in houlik tusken twa minsken fan it selde geslacht te sluten.