Argiven Barradiel ûntsluten

© Omrop Fryslân
De argiven fan de eardere gemeente Barradiel binne nei fjirtjin jier ynventarisearre. De stikken binne oer in lingte fan 130 meter opslein yn mear as tûzen doazen. Barradiel waard opheft by in gemeentlike weryndieling yn 1984. Frjentsjerteradiel hat de stikken doe opslein. Jakob de Vries fan dy gemeente is yn 1993 begûn de argiven te ynventarisearjen en te oardenjen. It âldste stik stamt út 1609.