'Drachtsterfeartplan giet mis'

Arsjitekt Baron fynt dat er mear organisearre wurde moat foar wettersporters
It Drachtsterfeartprojekt mislearret as der net mear organisearre wurdt foar wettersporters yn it sintrum fan it doarp. Dat fynt arsjitekt Baron fan Drachten. Boatsjeminsken sille net nei Drachten komme, as der fierder neat te belibjen is. De rûte nei it sintrum is ek net oanloklik genôch.
Baron wol in nije jachthaven oanlizze foar 100 oant 200 boaten. Dy soe komme moatte op it plak fan bannefabryk Fenner Dunlop.