Provinsje helpt iepenloftspul

03 apr 2007 - 16:54

It iepenloftspul fan Jorwert krijt 125.000 euro fan 'e provinsje. Dat seit foarsitter Jan van der Weij. It jild is nedich omdat it iepenloftspul yn it jubileumjier 2003 bot yn de skulden rekke wie. Dat drukte de lêste jierren nochal op 'e begrutting. Dêrom hat it bestjoer help frege oan de provinsje.

De ienmalige bydrage moat noch goedkard wurde troch Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)