NNO op Pink Floyd-toer

03 apr 2007 - 15:54

It Noord-Nederlands Orkest iepenet it nije seizoen mei in rige konserten dêr't de muzyk fan Pink_Floyd yn sintraal stiet. De grutte hits fan de Ingelske popformaasje wurde dêrfoar yn in klassyk jaske stutsen.

It orkest krijt fersterking fan de sjongers Bert_Heerink, Anthonie Kamerling en Erik_Mesie. Earder wie der sprake fan dat gitarist David Gilmour fan Pink Floyd sels ek meidwaan soe oan, mar dat gie net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)