Stikken brúnfisk oanspield

Stikkensnijde brúnfisk (foto: Jaap van der Hiele)
Op 'e Nederlânske kust en op 'e Waadeilannen binne de lêste tiid tsientallen stikkensnijde brúnfisken oanspield. Neffens ûndersiker Camphuysen op Texel giet it om byfangsten fan de fiskerij.
De sûchdieren binne yn de netten fertize en ferdronken. Omdat brúnfisken beskerme binne, besykje de fiskers fan it 'bewiismateriaal' ôf te kommen. Yn stikken snijd komme de kadavers net sa gau boppedriuwen.