'Soad TNT-ûntslaggen Noarden'

03 apr 2007 - 12:45

De kâns is grut dat der yn Noard-Nederlân mear ûntslaggen falle by TNT Post as earne oars yn it lân. Dat ferwachtet bestjoerder Inge Bakker fan CNV Publike saak. By TNT Post ferdwine rûchwei 7000 banen.

Troch de tanimmende konkurrinsje fan oare postbedriuwen wurdt it foar TNT hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. Mei de reorgisaasje wurdt besocht twongen ûntslaggen foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)