Problemen mei it spoar

03 apr 2007 - 11:01

Tusken Ljouwert en Starum binne swirrichheden mei it spoar fanwege in stikkene wiksel. Treinreizgers moatte dêrom rekken hâlden mei fertragings. De problemen binne it grutst op de oergong fan de Boalserterwei yn it sintrum fan Snits. De spoarbomen kinne dêr net ek omdel en dêrom moat it ferkear omride.

Spoarbehearder Prorail hat in monteur stjoerd om de steuring te ferhelpen. Hoe lang it duorret is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)